Talige leeromgeving

‘t Holdersnêst is in sertifisearre trijetalige skoalle. Dit betsjut dat der yn groep 1 oant en mei 8 yn it Nederlânsk, Frysk & Ingelsk ûnderwiis jûn wurdt.

 

In trijetalige skoalle makket optimaal gebrûk fan de taalgefoelige leeftyd wêr bern talen hast as fanselssprekkend leare. It taalsintrum wurdt ekstra aktivearre wêrtroch it Nederlânsk der net ûnder te lijen hat. Sterker noch; it wurdt der sels better fan. Út ûndersyk docht bliken dat bern dy’t op jonge leeftyd yn'e kunde komme mei in frjemde taal, op lettere leeftyd ek makliker oare frjemde talen leare.